Keunstmoanne op It Amelân lûkt mear besikers

01 des 2015 - 08:38

De organisaasje fan de 19e edysje fan de keunstmoanne op It Amelân sjocht tefreden werom op it evenemint. De hiele moanne novimber stie It Amelân yn it teken fan keunst. Der kaamen dizze edysje mear besikers en der is in soad keunst ferkocht.

Direkteur Pieter Smit meldt dat der 6200 besikers wienen, fjouwer prosint mear as ferline jier. Der is foar hast 100.000 euro oan keunst ferkocht. Oan de keunstmoanne diene 112 keunstners mei. Neffens Smit foelen de bûtenlokaasjes dêr't keunstners oan it wurk wiene, goed by publyk en keunstners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)