Keunstmoanne Amelân rêden

21 jan 2008 - 12:30

De keunstmoanne op It Amelân is foarearst rêden. De gemeente sil foar dit jier 50.000 euro jaan foar de organisaasje. De keunstmoanne is altyd yn novimber. Om't it hieltyd dreger waard de finansiering rûn te krijen, drige de organisaasje op te hâlden.

Om't de keunstmoanne in soad minsken lûkt, fynt it bestjoer de stipe ferantwurde. De gemeente easket wol dat in stifting besiket jild foar de takomst seker te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)