Keunstkoppen op Amelân

22 aug 2006 - 11:40

Op It Amelân komme de kommende tiid 23 betonnen koppen fan in meter heech te stean. Keunstner Lothar Frieling fan de Noard-Fryske Waadseekust betocht it projekt foar de tsiende keunstmoanne fan it Amelân. By de betonsintrale Mebin yn Ljouwert waard moandei de earste fan de 23 bylden yn de mal jitten.

De keunstmoanne fan Amelân wol allinne noch keunstners útnoegje út de Waadregio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)