Keunstiisbaan Warkum dochs iepen

25 des 2005 - 15:45

Der kin dochs noch reedriden wurde op de keunstiisbaan op de Merk yn Warkum. De ôfrûne dagen woe it iis troch stroomsteurings net goed tichtfrieze. De problemen binne no oplost. Om it tichtfriezen te fersnellen is iis brûkt fan it tsiisfabryk út Warkum.

Op Twadde Krystdei kinne bern spesjale reedrydlessen folgje. De Warkumer keunstiisbaan leit der noch oant en mei freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)