Keunsthistoarikus foar Ljouwert

16 des 2004 - 09:46

Ljouwert stelt in keunsthistoarikus oan. Dy moat de ferjitten kolleksje fan de stêd oarderje en beheare. Sûnt 1980 hat de gemeente gjin sicht op de 30 miljoen euro oan keunststikken dy't yn besit is. Ald-direkteur Mulder fan it Princessehof hat de 66.000 objekten yn kaart brocht.

In grut part is te finen yn it stedhûs fan Ljouwert dat opknapt is. Om fierder ferfal foar te kommen moat de keunsthistoarikus der better op passe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)