Keunstgersfjild yn Damwâld

24 nov 2007 - 12:36
  • Broekster Boys en De Wâlden wolle keunstgersfjild

Fuotbalklubs De Wâlden en Broekster Boys wolle in keunstgersfjild op it sportkompleks yn Damwâld. De komst fan sa'n fjild makket diel út fan in grutter werynrjochtingplan. De beide fjilden binne no skieden troch in dyk. Yn de nije plannen sil dat net mear it gefal wêze.

De totale werynrjochting kostet sa'n 850.000 euro. Troch de komst fan in keunstgersfjild soene twa oare fjilden brûkt wurde kinne foar wentebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)