Keunstgersfjild foar Ropta Boys

30 apr 2004 - 00:00

Fuotbalferiening Ropta Boys fan Easternijtsjerk krijt in nij fjild fan keunstgers. De gemeente Dongeradiel lûkt dêr 20.000 euro ekstra foar út. De ried hie ferline jier al mear as 100.000 euro reservearre om it minne fjild te ferfangen troch in kombinaasje fan gewoan gers en keunstgers.

Yntusken hat bliken dien dat in fjild mei allinnich keunstgers better is. Omdat it wol djoerder is moast de gemeente ekstra ta de bûse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)