Keunstgers yn Eaststellingwerf

16 jun 2013 - 14:47
  • Keunstgersfjild

Yn de gemeente Eaststellingwerf moatte keunstgersfjilden komme. Dat fine de PvdA en D66 yn de gemeente. De partijen binne fan miening dat sportfjilden fan keunstgers langer en faker brûkt wurde kinne. Troch wikseljende waarsomstannichheden binne de fjilden no de iene kear wol en de oare kear net te brûken. As it te droech is dan moatte de ferienings ekstra sproeie en as it te wiet is kin der net spile wurde omdat dit foar skea soarget. Ek by froast is it brûken fan gewoan gers in probleem.

Dit kin allegear foarkaam wurde troch keunstgersfjilden oan te lizzen, sa sizze de partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)