Keunstgers yn Abe Lenstrastadion

10 aug 2000 - 13:04

Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean komt keunstgers. It wurdt tusken it gewoane gers op de fuotbalmatte ynnaaid. It natuerlike gers rekket minder gau skansearre nei in wedstriid mei it keunstgers dertusken, is de ferwachting.

It wurk nimt fjouwer wiken yn beslach en giet 24 oeren achter elkoar troch. NAC út Breda spile as earste fuotbalklub op keunstgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)