Keunstgers stellen yn Harns

01 okt 2014 - 10:56
  • Stik keunstgers stellen yn Harns
  • Oanlis keunstgers op fuotbalfjild Harns

Yn Harns is moandeitenacht in hoeke keunstgers fan 12 kante meter stellen by fuotbalklup FC Harlingen. Ek is in karre stellen. Moandei wie in begjin makke mei de oanlis fan in nij keunstgersfjild. It stik is derút snien.

It bedriuw, dat it keunstgers oanleit, hat it gat al opfolle troch in stik út in oare rol te heljen. It fjild is fan de gemeente, mar salang't it nije fjild noch net oplevere is, falt it ûnder de ferantwurdlikheid fan it bedriuw FieldTurf út Gouda dat it oanleit. Dat bedriuw hat ek de oanjefte dien.

Op it nije fjild moat takom wike al spile wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)