Keunstgers op boartersplakken

14 jul 2009 - 13:20
  • It sân wurdt ferfongen troch keunstgers

Op 30 boartersplakken yn Snits komt keunstgers te lizzen. Neffens de wet moat de gemeente soargje foar in sêfte ûndergrûn yn boarterstunen. No leit der op in soad plakken noch sân, mar der komme in soad klachten oer kattestront yn dat sân.

Keunstgers is wol folle djoerder as sân. Dêrom kinne net alle boartersplakken yn ien kear keunstgers krije. It bedriuw 'Speelgras' út De Like leveret it keunstgers. Se binne ek el begûn mei it oanlizzen dêrfan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)