Keunstgers foar Cambuur

02 jun 2003 - 00:00

Freed waard de lêste wedstriid spile op it âlde gers yn it Cambuurstadion. Moandei binne de tariedings út ein set foar de oanlis fan it nije keunstgers. Dat wurdt it twadde keunstgersfjild fan Nederlân, want ek Heracles Almelo krijt ien. It fjild moat ein july klear wêze.

It projekt kostet in heal miljoen euro en wurdt betelle troch de nije haadsponsor Edelgras. Doel is dat binnen tsien jier alle Nederlânske klups op keunstgers spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)