Keunstfeiling foar Nepal yn Aldeberkeap

29 maaie 2015 - 19:58
  • Ien fan de te feilen keunstwurken

'Hertferwaarmjend', sa omskriuwt skriuwer en feilingmaster Karst Berkenbosch de meiwurking fan keunsters oan de keunstfeiling foar Nepal. Mear as tweintich keunstwurken komme snein ûnder de hammer yn Hotel Lunia yn Aldeberkeap. De folsleine opbringst is foar it Fryske Masahar-projekt yn Nepal. Freed wie der al aardich belangstelling op de earste sjochdei yn Aldeberkeap.

De feiling is no snein om 14.30 oere yn Hotel Lunia. Der binne noch sjochmominten op sneon fan 17.00 oant 20.00 oere en op snein fan 10.00 oant 13.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)