Keunstbaan polder dochs iepen

15 des 2007 - 17:36
  • Keunstiepenloftbaan Biddinghuzen lang om let dochs iepen

De iepenloftkeunstiisbaan yn Biddinghuzen is sneon lang om let dochs offisjeel iepengien. De 5 kilometer lange baan soe in pear wike lyn al yn gebrûk naam wurde. Mar troch it stoarmwaar stie der safolle wyn op it wetter dat it net befrieze woe.

De iepenloftbaan yn 'e Flevopolder sil in soad rekreative riders lûke. De Thialfdireksje ferwachtet in protte konkurrinsje fan 'e polderbaan. Op de earste dei wiene der 2500 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)