Keunst útstald yn de mûne fan Boerum

27 des 2015 - 17:51
  • De weropboude mûne Windlust yn Boerum nei de brân

In bysûndere eksposysje dizze dagen yn de âlde nije mûne fan Boerum. De mûne baarnde yn april 2012 ôf, mar is yn de ôfrûne jierren wer opboud. De kommende dagen hinget it gebou fol mei skilderijen fan ferskate amateurskilders út de omjouwing.

Inisjatyfnimmer fan de eksposysje is Tineke Popma fan Bûtenpost. Sy is nei de brân úteinset mei in oplieding ta mûner, en kombinearret no har beide hobbys. De eksposysje yn de mûne fan Boerum is oant no woansdei te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)