Keunst op It Amelân

09 nov 2002 - 00:00

De Dútse keunstner Eckard Dörr toant op It Amelân diaprojeksjes. Hy projekteart lytse kleurfakken yn diaformaat op objekten. Yn de ruten fan de herfoarme tsjerke en de bûtenmuorre fan de galery yn Hollum binne de keunstwurken te sjen. Jûns nei't de sinne ûndergien is oant njoggen oere binne se fan tongersdei oant en mei sneins te sjen.

It projekt heart by de keunstmoanne mei keunst dy't yn novimber op it hiele eilân te sjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)