Keunst op fabryksmuorre Drylts

28 sep 2002 - 00:00

Frijwilligers ha sneon in keunstwurk makke op Nooitgedagt yn Drylts. Twa skûtsjes fleurje de fabryksmuorre op. It fabryk bliuwt noch twa jier stean, ek al wurdt it sintrum oanpakt.

De ynwenners fan it stedsje ha eigen plannen makke foar it sintrum om't se de plannen fan de gemeente te grutskalich fine. Dy plannen binne lykwols al sa goed as klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)