Keunst op dak Belvédère

21 apr 2012 - 13:17

Belvédère by Oranjewâld hat sneon in grut keunstwurk op it dak krigen. It giet om in abstrakte skulptuer fan 150 kilo fan âld-Burgumer Auke de Vries. Earder stie dit byld mei de titel 'After the rain' ek yn Berlyn en Istanbul. De titel ferwiist nei de sûndfloed. It byld dat op in balansearjend skip liket, heart by de útstalling fan it wurk fan Auke de Vries dy't 13 maaie begjint.

De Vries wurdt dit jier 75 jier en is al goed 50 jier dwaande as keunstner. De oersjochútstalling stiet stil by dat jubileum.

De Vries wennet en wurket yn Den Haag en hat him de lêste desennia ûntwikkele ta ien fan de belangrykste Nederlânske keunstners fan syn generaasje. Monumintale skulptueren fan him steane ûnder oare yn Bangkok, Barcelona, Frankfurt, Aberdeen, Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)