Keunst oan hûs yn Lauwerslân

04 mrt 2003 - 00:00

Wurk fan achttjin keunstners is te sjen by de tolfde Kunst aan Huis rûte troch it Lauwerslân. Twa wykeinen yn maart (15,16 en 22,23) is de rûte by ateliers te dwaan. De besiker komt ûnder oare by keunstners del yn Foudgum en Marrum.

Yn De Skierstins yn Feanwâlden wurdt in eksposysje mei wurk fan de dielnimmers ynrjochte. Nij dit jier is de Kans op Kunst-lotto. Foar fiif euro kin men kâns meitsje om in keunstwurk fan tûzen euro te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)