Keunst NS-stasjon min te sjen

01 des 2011 - 12:20

Spoarbehearder Prorail sil de ferljochting op it NS-stasjon yn Ljouwert oanpasse. Dan binne de spreuken ûnder de oerkapings fan de perrons better te lêzen. De spreuken binne betocht troch keunstners René Knip en Tsead Bruinja. Prorail hat se oanbrocht om it gefoel fan feiligens yn it stasjon grutter te meitsjen. De reizgers reagearje noch wat ferdield, want de teksten binne dreech te lêzen.

Prorail sil no de ferljochting oanpasse, sadat der minder skaden op de letters falle. Yn it ramt fan itselde projekt binne de perrons ek skjinmakke en op guon plakken binne nije klinkers en tegels lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)