Keunst fan Fries Museum yn MCL

23 feb 2012 - 18:20

Yn sikehûs MCL kin men de kommende tiid in yndruk krije fan it oanbod fan it nije Fries Museum, dat yn septimber 2013 iepengiet. Oant juny fan dit jier is yn de keunstfitrine fan it MCL in foarpriuwke te sjen fan de kolleksje fan it nije museum. De titel fan de eksposysje is 'sjen nei Fryslân'. Der komme trije ferskillende skilderijen te hingjen, dy't elk mei in hiel oare ynstek nei it Fryske lânskip sjogge.

It Fries Museum en it Princessehof presintearje keunst en kultuer yn twa romtes yn it MCL. Sa berikke se mear publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)