Keukenbrân yn Harns

16 des 2001 - 00:00

Yn in wenning oan de Midlumerleane yn Harns is sneontemiddei in keukenbrân ûntstien. De bewenster wie dwaande mei itensieden doe't der in gaslek ûntstie yn it gasstel.

De skelk fan it slachtoffer fleach dêrtroch yn de brân. De frou koe it fjoer foar it grutste part sels útmeitsje. Dochs hat se flinke brânwûnen oprûn. Se is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)