Keukenbrân Hooidollen Ljouwert

07 feb 2013 - 07:11
  • De keuken oan de Hooidollen nei de brân

Der hat tongersdeitemoarn betiid in keukenbrân west yn in wenning oan de Hooidollen yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. De brânwacht wie gau teplak en hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. De keuken is foar in grut part útbrând. De rest fan de wenning hat reekskea.

Ofrûne wykein is yn de wyk Bilgaard fan start gien mei de aksje om de reekmelders te pleatsen. It is net dúdlik oft yn dizze wenning in reekmelder oanwêzich wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)