Kettingbotsing by Warkum

17 nov 2011 - 14:06

Op de N359 by Warkum binne tongersdeitemoarn betiid fiif auto's opinoar botst. De auto's moasten stopje foar in ferkearsljocht. Dat wie dêr delset om't der fierderop wurksumheden oan de dyk binne. De earste fjouwer auto's stiene stil doe't de fyfde de rige te let seach en der fol boppe-op klapte. Gjinien rekke by it ûngelok ferwûne. Mooglik hat de tichte mist de oarsaak west fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)