Kettingbotsing op Huzumerleane yn Ljouwert

11 nov 2015 - 20:55
  • De botsing soarge foar in soad oerlêst yn de jûnsspits

It ferkear op de Huzumerleane yn Ljouwert hat woansdeitejûn in skoft lêst hân fan de gefolgen fan in lytse kettingbotsing. By de stopljochten op de krusing Oostergowei en Huzumerleane wiene fjouwer auto's by elkoar op riden. Trochdat de airbags fan ien fan de auto's derút knald wie en der reek ûnder de motorkap wei kaam, waard de brânwacht oproppen. Dêrom waard de dyk hielendal ôfsletten. It ferkear út it sintrum moast dêrom no troch de wyk en dat soarge foar in soad fertraging.

Der rekke foar safier bekend net ien ferwûne by de oanriding, wol moasten twa fan de fjouwer auto's fuortsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)