Kettingbotsing op fiadukt

19 jun 2014 - 11:41
  • Autoskea

By in kettingbotsing op it Stephensonfiadukt yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn trije auto's mei-inoar yn botsing kaam. In 25-jierrige man út Lisserbroek knalde mei syn bestelbuske mei aardich wat gong op in stilsteande auto, dy't op syn beurt tsjin syn foargonger drukt waard. Benammen it buske en de earste auto rûnen flink wat skea op.

By de botsing rekke gjinien ferwûne. Ferkear waard tydlik omlaat oer ien rydbaan, wêrtroch't oan beide kanten files ûntstienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)