Kettingbotsing op A7

26 nov 2013 - 10:27

Op de A7 is moandeitemiddei in 30-jierrige frou út Burgum ferwûne rekke by in kettingbotsing. By de ôfslach De Tynje wiene fjouwer auto's opinoar botst, nei't in ûnbekende auto ûnferwachts ôfremme hie. De frou út Burgum siet yn de lêste auto dy't op de foargongers ried.

De Burgumse is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten oerbrocht. De oare bestjoerders mankearde neat. It ferkear op de A7 hat in skoft fertraging oprûn troch de kettingbotsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)