Kettingbotsing op A6

20 nov 2010 - 14:28

In 27-jierrige Grinzer is freedtejûn op 'e A6 by Eastersee mei de auto oer de kop slein. In bestjoerder út Langwar (51) koe de auto net mear ûntwike en botste der boppe-op. De bestjoerder dêrachter ried der ek op. Trije minsken binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De Grinzer is yn it sikehûs fan It Hearrenfean bloed ôfnaam. It fermoeden bestie dat er tefolle alkohol dronken hie. De dyk hat in skoft ôfsletten west om de ravaazje op te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)