Kettingbotsing by De Jouwer

02 jul 2014 - 19:16
  • Plysje

By in kettingbotsing, woansdeitejûn op de A7 by De Jouwer, is in man fan 54 fan It Hearrenfean ferwûne rekke. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De man siet yn ien fan de fiif auto's dy't by de botsing belutsen wienen. De oare ynsittenden fan de auto's rekken net ferwûne. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan de kettingbotsing. Dy soarge der foar dat de dyk in skoft ôfsletten wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)