Ketellapper wint NK 100 km

10 sep 2011 - 17:58
  • Martin Ketellapper (foto: Omrop Fryslân)

Atleet Martin Ketelapper hat sneon yn Winschoten de Nederlânske titel op de 100 kilometer wûn. De ynwenner fan Ljouwert pakte mei in tiid fan 7 oeren en 26 minuten boppedat in persoanlik rekôr.

It wie foar de tredde kear dat Ketelapper Nederlânsk kampioen op de 100 km waard. Lang lei de Ljouwerter op in twadde plak, mar nettsjinsteande de hege temperatueren slagge it him dochs as earste nei dizze mega-ôfstân oan te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)