Ketellapper rint goede tiid

20 jun 2009 - 15:20

Hurdrinner Martin Ketellapper hat freed in goed debút makke op de hûndert kilometer. By de Nacht fan Vlaanderen rûn de Ljouwerter in tiid fan sân oeren, 37 minuten en 46 sekonden.

Hy einige yn it ynternasjonale fjild mei ûnder mear Japanners en Amerikanen as nûmer 31. Yn syn kategory 35-plus betsjut it de alfde tiid. Ketellapper finishte twa wike ferlyn as twadde yn de Ljouwerter maraton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)