Ketellapper op fingers tikke

01 des 2003 - 00:00

Ketellapper mei thús net mear op bedriuwsmjittige wize koeken bakke. De gemeente hat dat de famylje yn Dolsterhuzen sein. Se meitsje thús yn in omboude sliepkeamer de koeke De Keizer van Friesland. Dat is yn striid mei it bestimmingsplan.

De famylje slút juridyske stappen tsjin de gemeente net út. As der in merk foar de koeken is, keapje se mooglik in bedriuwspân. Bytiden wurde 250 koeken yn de wike ferkocht fia ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)