Ketellapper kampioen op 100 km

11 sep 2010 - 17:56
  • Martin Ketellapper

Hurdrinner Martin Ketellapper fan Ljouwert is sneon yn Winschoten Nederlânsk kampioen wurden op de 100 kilometer hurdrinnen. Hy rûn de 100 kilometer yn in tiid fan 7 oeren en 40 minuten.

Mei dizze oerwinning prolongearret Ketellapper syn titel. It wie in swiere dei foar Ketellapper, want hy wie net hielendal fit doe't er oan de wedstriid begûn. Ek stie der in protte wyn op it parkoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)