Ketellapper giet foar NK

09 sep 2011 - 17:02
  • Martin Ketellapper (foto: Omrop Fryslân)

De Ljouwerter hurdrinner Martin Ketellapper set sneon alles op alles om foar de tredde kear kampioen te wurden op de 100 kilometer. Yn Winschoten giet er de striid oan mei de folsleine wrâldtop. Neist it NK, wurdt ek it EK en it WK oer 100 kilometer rûn.

Ketellapper is de grutte favoryt foar de Nederlânske titel. Hy wol ek syn persoanlike rekôr ferbetterje. Dat stiet no op goed 7,5 oere. Doel is in kertier hurder te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)