Kerst Wind winner fan 14e Biddle Survivalrun

08 mrt 2015 - 15:21
  • Kerst Wind, de winner fan de 14e Biddle Survivalrun
  • Hiel wat dielnimmers dienen mei yn Koatstertille
  • Ek bern koenen meidwaan oan de survivalrun

Kerst Wind fan Eastersee skreau snein de 14e edysje fan de Biddle Survivalrun yn Koatstertille op syn namme. Wind wie yn in tiid fan twa oeren en fiif minuten ien minút rapper as syn grutste konkurrint Stijn Elferink út Lichtenvoorde. Wind lei by it lêste ûnderdiel noch in pear tellen efter, mar troch in flater fan Elferink koe Wind as earste de finishbelle liede.

Der dienen goed 1300 dielnimmers mei oan de survivalrun. De dielnimmers koenen kieze út ferskate ôfstannen. Neffens de organisaasje lûkt it evenemint alle jierren tûzenen besikers.

Foar it earst wie de start fan it survivalparkoers dit jier yn it sintrum fan it doarp en net mear by de fuotbalfjilden fan SC Koatstertille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)