Kerosine lekt op fleanbasis

24 nov 2004 - 10:11

By it oertanken fan brânstof yn in tankauto is moandei op de fleanbasis by Ljouwert in soad kerosine lekt. Om hoefolle liter it giet, is ûnbekend. De foarljochting fan 'e loftmacht hat dit tiisdei buorkundich makke. Brânwacht en meiwurkers fan 'e basis ha ferskate maatregels nommen om foar te kommen dat de kerosine yn it miljeu bedarret.

De foarljochting fan 'e loftmacht hat it oer in lytse miljeuramp. Der wurdt ûndersocht hoe't dit barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)