Keramyske krobben yn Ljouwert

26 sep 2011 - 17:40

Yn keramykmuseum Princessehof binne meikoarten keramyske krobben te sjen. De tentoanstelling bestiet út 60 krobben yn allegear kleuren. Se wurde útstald tsjin in wand sadat it krekt liket dat se allegear troch elkoar krûpe. De krobben binne oars te sjen yn Museum Boijmans van Beuningen yn Rotterdam en yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam.

De nije tentoanstelling hat as namme 'Schwarm' en rint fan 25 novimber oant 4 maart takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)