Keramyk Princessehof yn depot

22 des 2003 - 00:00

Boufakkers meitsje op dit stuit de tsjinst út yn it nasjonaal keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Oant ferline wike koe publyk noch yn in lyts part fan it museum terjochte. Mar fan moandei ôf binne de doarren hielendal ticht.

Op de flierren leit in dikke laach stof en alle keramyk is yn depot set. Oer twa en in heale moanne is it, skjinmakke en al, yn folle gloarje wer te sjen yn in renovearre museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)