Keppel skiep goed foar natuer

09 apr 2004 - 00:00

Lânskipsbehear Fryslân wol dat der wer in grutte keppel skiep troch Súdeast- Fryslân swalket, kompleet mei hoeder en hûnen. Der wurde lytsskalige natuer- terreinen socht dêr't de skiep weidzje kinne. It giet om in besteande keppel skiep fan 140 bisten.

Foar de natuer yn lytse natuerterreinen is it goed dat der fee omrint. Om op elk natuerterrein in fêst tal skiep rinne te litten en te behearen kin net. Dêrom is keazen foar dizze oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)