Kennissintrum shared space

09 des 2010 - 15:39

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert rjochtet in kennissintrum shared space op. Dat prinsipe wurdt al op ferskate plakken yn Fryslân tapast. By 'dielde romte' moatte ferkearsdielnimmers folle mear sels regelje. Der stean hast gjin ferkearsbuorden mear.

It nije sintrum moat de kennis oer it fenomeen bondelje, fierder ûntwikkelje en útbouwe. Earder die it Shared Space Ynstitút yn Drachten dat. Dat krige net genôch subsydzje en moast sadwaande ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)