'Kennissintrum foar toerisme'

20 sep 2006 - 17:35

Der moat yn Fryslân in kennissintrum foar rekreaasje en toerisme komme. Dat stiet yn in fisy dy't woansdeitemiddei troch it platfoarm ynnovaasje toerisme oanbean is oan deputearre Bertus Mulder.

Mei sa'n saneamd marketing-topynstitút kinne trends, ûntjouwings en kânsen goed útsocht wurde. De bransj- organisaasje Hiswa is bygelyks ien fan de dielnimmers oan it ynnovaasje- platfoarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)