Kennisregio Noarden yn gefaar

29 apr 2004 - 00:00

De ûntwikkeling fan Noard-Nederlân as kennisregio rint gefaar. Dat seit it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, it SNN. Se reagearje dêrmei op de Nota Romte fan it kabinet. De nota rept net oer de ICT en de saaklike en kommersjele tsjinstferliening yn it Noarden. It SNN hat it kabinet útdruklik wiisd op dizze sterke punten. Wol is it SNN posityf oer de romte yn de Nota foar it Suderseespoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)