Kennismerk Alliade soarchgroep yn Ljouwert

02 jun 2015 - 08:29
  • De soarchmerk fan Alliade yn it WTC yn Ljouwert

De Alliade soarchgroep - Talant, Meriant en jeugdhelp Kiek! - hâldt tiisdei in kennismerk foar meiwurkers, relaasjes, frijwilligers en mantelsoargers. Op de merk kinne besikers yn de kunde komme mei ynnovaasjes dy't binnen en bûten de soarchgroep ûntwikkele binne of noch ûntwikkele wurde. In foarbyld dêrfan is de ynset fan robots yn de soarch.

Der wurdt yn de soarch bot besunige wêrtroch de sektor net mear sûnder dizze saneamde domotika-tapassings kin. Bygelyks om minsken dy't soarch nedich hawwe sa lang mooglik selsstannich te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)