Kenniskampus wer stap tichterby

18 maaie 2006 - 16:23

De komst fan de Kenniskampus yn Ljouwert is wer in stap tichterby. De mearderheid fan de gemeenteried is it iens oer de plakken foar de studintehûzen op it kompleksterrein.

Yn fergelyk mei it eardere plan ferdwynt der ien fan de trije flats oan de westkant fan de kenniskampus. Oan de eastkant sille der mear studintehûzen komme. De feroaring komt neidat omwenjenden protestearre hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)