Kenniskampus oer 6 jier klear

10 des 2003 - 00:00

De provinsje en de gemeente Ljouwert binne it iens wurden oer it opsetten fan in kenniskampus. Dat ha se woansdei bekend makke op in parsekonferinsje. Op de kenniskampus moat úteinlik plak komme foar 14.000 studinten en 2000 meiwurkers fan de hegeskoallen NHL en CHN.

It kompleks komt njonken it Rengerspark mei ûnder oare in sporthal, hoareka, berne-opfang en in eveneminteterrein. Oer seis jier moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)