'Kenniskampus moat soberder'

08 jan 2003 - 00:00

De kenniskampus yn Ljouwert moat ienfâldiger oanpakt wurde. Dat sei steatssiktaris Nijs fan ûnderwiis by har besite tiisdei oan de hegere skoallen yn de Fryske haadstêd. Der is in tekoart fan 40 miljoen euro.

De CHN is al begûn mei de bou fan it haadgebou fan de kenniskampus. Neffens Nijs moat de CHN mei de NHL en it Van Hall ynstitút sykje nei in soberder útfiering fan de kampus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)