Kenneth Otigba lulk op Lodeweges

12 apr 2015 - 00:18
  • Kenneth Otigba

Kenneth Otigba is ûntefreden oer syn rol by SC Hearrenfean. De Nigeriaanske ferdigener begûn yn de thúswedstriid tsjin AZ op 'e bank. Trainer Dwight Lodeweges joech de foarkar oan Jerry St. Juste. It 18-jierrige talint út de eigen oplieding is mear in opbouwende ferdigener, wylst Otigba in "echte" ferdigener is. Dat Otigba op de bank begjinne moast, kaam foar him as in grutte ferrassing. "Ik hoorde het vrijdag en was echt heel boos", sa sei Otigba. De ferdigener hat noch in kontrakt foar ien jier mei in opsje foar nochris twa jier.

"Ik hou van Heerenveen, maar als ik alleen speel als anderen geblesseerd zijn, moet ik om me heen kijken", sa sei Otigba nei ôfrin fan de wedstriid tsjin AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)