Keninklike ûnderskieding útrikt

13 nov 2005 - 12:49

Yn de Lawei yn Drachten is sneon in keninklike ûnderskieding útrikt oan de 77-jierrige Sjoerd Jan Zijlstra. Hy krige de ûnderskieding foar syn bestjoerswurk foar de feriening 'Grunneger Sproak'.

Dy feriening bestie sneon 55 jier. Fan 1958 ôf hat Zijlstra aktyf west binnen de feriening. Dy rjochtet him op it útdragen fan de Grinzer taal- en kultuer. Zijlstra wie ek tsien jier lang aktyf foar it CNV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)