Keninklike ûnderskieding foar Frans Poppes by iepening PC

29 jul 2015 - 09:56
  • Poppes kriget in lintsje fan boargemaster Fred Veenstra
  • Boargemaster Veenstra lokwinsket Frans Poppes
  • Hessel Bouma foar it lêste jier koetsier by PC
  • Hessel Bouma, koetsier

Foarôfgeand oan de 162-ste PC yn Frjentsjer is frijwilliger Frans Poppes fan 'e moarn keninklik ûnderskieden. Hy krige de ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Fred Veenstra foar al syn frijwilligerswurk, benammen foar it keatsen. Poppes is de man dy't elts jier by de PC de flagge hyst. Derneist fersoarget Poppes de gersmatte en set de perken út.

Koetsier Hessel Bouma waard troch foarsitter Johannes Westra yn it sintsje set. It is foar Bouma it lêste jier as koetsier, nei't hy dit 40 jier dien hat.

Bouma rydt elts jier it winnende partoer fan de resepsje nei it Sjûkelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)