Keninklike trein yn Modelspoarmuseum yn Snits

26 apr 2015 - 13:33
  • It model fan de Keninklike trein yn Snits

De keninklike trein is fan Keningsdei ôf te sjen yn miniatuer yn it Modelspoarmuseum yn Snits. It giet om it eksimplaar dêr't Kening Willem-Alexander de beskikking oer hat. Dy trein hat trije lúkse rydtugen dy't meastentiids lutsen wurde troch twa lokomotiven.

De Keninklike famylje hat sûnt de 19e ieu in eigen trein. De earste waard boud yn 1864. Beatrix krige nei har kroaning ek in nij salonrydtúch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)